Europeeske prizen foar de LC

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Krante is trije kear yn de prizen fallen by de European Newspaper Awards. De prizen wiene foar de foarsiden fan "Werk en leven" en fan de sport. De tredde priis wie foar de foto's yn it sportkatern.
De Ljouwerter Krante die foar it earst mei oan de wedstriid en foel dus fuortendaliks yn de prizen. De prizen wurde takom jier yn maaie útrikt yn Wenen.