Jild foar logopedy jonge bern

16 nov 2011 - 16:43

De gemeente Eaststellingwerf stelt jild beskikber foar logopedy by jonge bern. De bestjoeren yn ûnder oare it basisûnderwiis en de pjutteboartersplakken ha hjir om frege.

Sy hawwe meielkoar in ûndersyk dien dat oantoant dat logopedy yn in betiid stadium hiel goed wurket foar bern. It foarkomt dat bern in taalachterstân oprinne. De ried hie earder besletten om mei de subsydzje yn 2012 op te hâlden, mar komt dêr dus no op werom.

Trefwurden: 
logopedy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)