Plannen KH 2018 trochset

16 nov 2011 - 16:17

De provinsje en Ljouwert sette de plannen foar kandidaatstelling foar de Kulturele Haadstêd yn 2018 troch. Dat is woansdei bekendmakke. Ljouwert sil it projekt lûke, omdat de spulregels net talitte dat in folsleine provinsje dat docht.

Ljouwert stekt lykwols gjin ekstra jild yn it projekt. Earst moat dúdlik wurde oft der by de polityk en yn Ljouwert sels wol draachflak is. De polityk reagearret wikseljend op it nijs dat de provinsje en Ljouwert trochgean wolle mei de plannen. Der is net bekend makke wat de provinsje en de gemeente Ljouwert bydrage moatte om Kulturele Haadstêd te wurden.

Trefwurden: 
Ljouwert provinsje HK2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)