Heger berop saak Sietske H.

16 nov 2011 - 14:44

It heger berop yn de saak Sietske H. tsjinnet tongersdei. De toskedoktersassistinte fan Nij Beets brocht fjouwer kear har krekt berne poppen om it libben.

De rjochtbank lei earder dit jier de maksimumstraf fan tolve jier op. It nijs oer de poppemoard yn it âlderlik hûs kaam hast oardel jier lyn nei bûten. Yn Nij Beets prate de measte minsken net folle mear oer de saak. De âlden fan Sietske H. wenje sûnt koart ek wer yn it doarp. Se ha in skoft lang op in geheim adres wenne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)