Ljouwert stranger foar minsken mei skulden

Jild © ANP XTRA
It skuldhelpferlieningsbelied fan Ljouwert wurdt stranger. De gemeente stekt gjin tiid en jild mear yn minsken dy't net genôch har bêst dogge om út de skulden te kommen.
Ljouwert is dit jier goed oardel miljoen euro kwyt oan de skuldhelpferliening. Dat bedrach moat yn 2014 werombrocht wêze oant ien miljoen euro. Dat moat om't der ek minder jild fan it ryk komt. It giet om minsken dy't in berop dwaan moatte op de kredytbank, om't se der sels net mear út komme. Yn 2010 wienen dat der achthûndert. Dat is twahûndert mear as yn 2009 en de ferwachting is dat it tal helpfregers hurd tanimme sil.