Reorganisaasje ANWB treft ek Fryslân

16 nov 2011 - 14:18

De ANWB-winkels yn Fryslân ûntkomme net oan de reorganisaasje. De winkels yn Ljouwert, Drachten en Snits fernimme de gefolgen. De ANWB makke tiisdei bekend dat lanlik 72 fan de 514 fulltimebanen ferdwine.

It personiel dat bliuwe kin, moat flink ynleverje op it lean. De ûndernimmingen yn Dokkum, De Jouwer en It Hearrenfean bliuwe bûten skot om't dat franchisesaken binne. Dizze eigen ûndernimmingen brûke de formule fan de ANWB, mar it personiel falt net ûnder de ANWB. FNV Bondgenoten wol mei de ANWB prate oer de reorganisaasje. It is noch net bekend hoefolle minsken krekt yn Fryslân dien krije.

Trefwurden: 
ANWB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)