Gedichten yn Drachten

© Omrop Fryslân
Yn Drachten komme gedichten te lizzen. In lytse 15 dichters út de omkriten fan Drachten fine dat te min minsken yn de kunde komme mei poëzij. Se ha dêrom de Gedichteswerfaksje opset.
By dizze aksje wurde gedichten op allegear plakken yn Drachten dellein lykas de apoteek en De Lawei. Minsken kinne de teksten dan lêze en meinimme nei in oar plak yn 'e provinsje. De aksje duorret twa moannen. Doel is om gedichtebondels populêrder te meitsjen en om de ferkeap fan gedichtebondels wat te stimulearjen.