Botsing mei frachtwein mei pech op A7

16 nov 2011 - 11:26

In man (78) út Boalsert is tiisdeitejûn op in frachtauto mei pech klapt. De frachtauto stie stil op de flechtstrook fan de ôfrit Boalsert op de A7.

De Boalserter seach dat te let en klapte boppe op de frachtauto. By him yn 'e auto siet in 50-jierrige frou út Boalsert. Beiden rekken ferwûne. In man (50) út Wommels ried flak achter de twa en koe ek net mear remje. Hy rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
plysje Boalsert botsing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)