Trio mishannelet Drachtster jonge

© ANP
In jonge (18) út Drachten is tiisdeitejûn sûnder oanlieding mishannele yn in kafee oan de Noardkade. Hy wie om in oere as healwei alven oan it iten, doe't trije manlju him samar skopten en sloegen.
De jonge rekke ferwûne oan syn kaak en holle en is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Hy hat oanjefte dien. De plysje is no op syk nei de trije mannen.