Trio stelt jild út gokkast

16 nov 2011 - 10:43

Trije manlju út Oldenzaal en Utrecht binne tiisdeitenacht yn Ljouwert oppakt foar it manipulearjen fan gokkasten. De trije wiene yn in kafee oan de Stasjonswei yn Ljouwert. 

In meiwurker seach dat se jild besochten te stellen troch de kasten te manipulearjen. De plysje hâlde it trio oan. Yn de bûsen fûnen se jild út de gokkasten en ark dat brûkt wie by de stellerij. Dat is yn beslach naam. De manlju sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)