Drankrider kear op kear de fout yn

© ANP
In man (33) út Damwâld is dizze wike foar de safolste kear oanhâlden om't er mei drank op achter it stjoer siet. De plysje hat der by it Iepenbier Ministearje op oantrune wat oan de sitewaasje te dwaan.
Sûnt 1998 wurdt de man alle jierren wol in kear pakt mei tefolle drank op. Neffens de plysje is er in gefaar op 'e dyk. De Damwâldster ferlear ferline jier syn freondinne troch in ûngelok. Der koe doe gjin bewiis fûn wurde dat hy achter it stjoer siet. It Iepenbier Ministearje seit dat it proses-ferbaal fan de plysje besjoen wurdt. It is dreech om yn dit soarte gefallen hege straffen op te lizzen om't net sjoen wurde mei nei eardere feroardielings.