De Friesland: mear minsken moatte reanimearje

16 nov 2011 - 07:33

Mei radiospotsjes en promoasjefilmkes wol soarchfersekerder De Friesland minsken oproppe om in reanimaasjekursus te folgjen.

Want witte jo wat je dwaan moatte as ien in hertoanfal krijt? De Friesland fielt de ferantwurdlikheid om wat te dwaan foar de sûnens fan minsken. Dat se oaren helpe kinne troch te reanimearjen is dêryn in wichtich punt. De earste 500 minsken dy't har oanmelde foar de kursus kinne fergees meidwaan. Dêrnei wurdt fan fersekerden dy't meidwaan wolle in bydrage fan fyftjin euro frege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)