Ynformaasjejûn oer knooppunt De Jouwer

16 nov 2011 - 07:26

Ynwenners fan Skarsterlân kinne woansdeitejûn besjen hoe't it nije knooppunt fan De Jouwer der sa'n bytsje út komt te sjen.

De jûn is organisearre troch Rykswettersteat, de provinsje en de gemeente. Doel is om minsken te ynformearjen oer de stân fan saken fan ûnder oaren it ûntwerp. Ek wurdt útlein hoe't omgien wurdt mei lûdsmjittingen. Der binne plannen om de proef mei in maksimum snelheid fan 130 km yn it oere te ferlingen. Utlein wurdt hokker konsekwinsjes dat hat. Rykswettersteat hopet dat it nije knooppunt ein 2015 klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)