Lichem fermiste frou fûn
De plysje hat yn it wetter by Smelle Ie it lichem fûn fan in 49-jierrige frou út Oerterp. De ôfrûne dagen socht in team al dreggend nei de frou, nei't har auto by Smelle Ie fûn wie. De plysje slút in misdriuw út. Nei alle gedachten hat de frou harsels tekoart dien.