Ljouwert siket stedskeunstner

18 jul 2012 - 14:56

Ljouwert siket in nije stedsperformer as opfolger fan Marten Winters. Winters, bekend fan syn papiermasjeeskip Het Schip De Lading, wie de lêste twa jier stedskeunstner. Syn opfolger moat in fyzje op de stêd ha en op de aktualiteit dy't hy of sy op fernijende wize presintearret. De gemeente betellet de kultureel ambassadeur in fergoeding fan 5.000 euro yn it jier. Dêrfoar moat fjouwer kear wat levere wurde. Gadingmakkers kinne har foar 1 septimber oppenearje by de gmeente. Dat moat anonym om't de sjuery sa ta in earlike seleksje komme kin.

Trefwurden: 
Ljouwert stedskeunstner
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)