Korporaasje bliuwt yn doarpen
Wenningboukorporaasje Wonen Zuidwest Fryslân is foarearst net fan doel om út de lytse doarpen te gean. Dat stiet yn har korporaasjeplan 2012-2018. Fierder wol de korporaasje de kommende seis jier sa'n 110 oant 130 nije wenningen bouwe.
Alle besteande wenningen krije uterlik yn 2015 minimaal in enerzjylabel C.