Demonstraasje ôfsein om waar

18 jul 2012 - 14:00

De tradisjonele demonstraasje mei de roeirêdingsboat op Skylge giet tongersdei net troch. Reden is it minne waar dat foarsein wurdt. Jierliks wurde trije soksoarte demonstraasjes hâlden. Sjoen de sterke brâning is in lansearring yn see net mooglik. Ek de rein en de kâns op tonger soarget derfoar dat de demonstraasje net trochgean kin. It soe te gefaarlik wêze. De demonstraasje is ferset nei nije wike freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)