Man rydt troch glêzen pui

18 jul 2012 - 11:08

In Koudumer (35) is tiisdeitenacht mei de auto troch in glêzen pui fan in terras oan de Hoogstraat riden. Dêrnei naaide er út, mar hie syn kentekenplaat ferlern. Op basis dêrfan en wat tsjûgen seine, koe de plysje de man yn syn wenning oanhâlden. Nei in blaastest die bliken dat er dronken hie. Syn rydbewiis is ynnaam en hy krige in rydferbod fan sân oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)