Fryske trainer nei Libië

De Fryske fuotbaltrainer Robert Roelofsen (Drachten) giet in aventoer oan by de Libyske topklup Al Ahly. Hy wurdt mei twa of trije oare Nederlânske trainers ferantwurdlik foar de jeugdoplieding fan de klup. Roelofsen wie yn it ferline assistint-trainer by VFL Wolfsburg en ek jeugdtrainer by Hansa Rostock en 1. FC Nürnberg.
Roelofsen is net de earste Fries yn tsjinst fan Al Ahly. Ek Peter Meindertsma wie dêr yn it ferline al ris trainer. De klup fuotballet yn de haadstêd Tripoli.