SC Hearrenfean skoart net

18 jul 2012 - 10:45

Sportklup Hearrenfean slagge der tiisdei net yn om te skoaren tsjin it Belgyske Waasland-Beveren. Op it fjild fan Aldegea yn Súdwest-Fryslân bleau it 0-0. De ploech fan Marco van Basten wie wol better, krige ek genôch kânsen, mar foar de goal wie de skerpte der krekt net. De earste klasser út België spile yn de earte helte behâldend, mar waard dêrnei gefaarliker. Keeper Kristoffer Nordfeldt koe syn goal lykwols skjinhâlde. Sneon spilet SC Hearrenfean opnij tsjin in Belgyske ploech. Om 15.00 oere is yn De Knipe Beerschot AC de tsjinstanner.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)