Tsjûgen frege fan stekpartij

18 jul 2012 - 10:32

De plysje siket tsjûgen fan in stekpartij yn Ljouwert. Ferline wike moandeitejûn fûn de plysje in man (44) yn de Aert van der Neerstrjitte. Hy wie meardere kearen stutsen. De man is nei it sikehûs brocht. Nei ûndersyk is in Ljouwerter (30) oanhâlden dy't noch fêstsit. De plysje wol witte wat der bard is foar, by en nei de stekpartij. Tsjûgen kinne de plysje belje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)