Frou botst tsjin plysjeburo

18 jul 2012 - 10:26
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In automobiliste (27) út Ljouwert is tiisdeeitemoarn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De frou ried op de Gardenierswei yn de rjochting fan de Oostergowei en ferlear yn de bocht de macht oer it stjoer. Sy rekke hjirby de stoeprâne en in auto dy't har yn 'e mjitte kaam. De frou kaam tsjin it plysjeburo ta stilstân. Aginten dy't op dat stuit yn it kantoar oanwêzich wiene, koene fuortendalik earste help ferliene. De frou is mei ferwûnings oan it skouder oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)