Scheweer nei Boarnsterhim

Meine Scheweer
Meine Scheweer wurdt de nije wethâlder yn Boarnsterhim. Hy folget wethâlder Felix van Beek op dy't 1 oktober beneamd wurdt ta griffier fan de gemeente Ljouwert. CDA-er Scheweer hat goed 20 jier wethâlder west fan de gemeente Hearrenfean. Hy is no ûnder oare foarsitter fan de bestjoerlike rezjygroep Regionale Uitvoeringsdienst. Scheweer nimt de portefúlje fan Van Beek folslein oer. Hjiryn sitte ûnder oare finânsjes, rekreaajes en toerisme.
De gemeenteried moat de kandidaat yn septimber noch offisjeel beneame.