Mear skulden yn Smellingerlân

15 nov 2011 - 17:05

Hieltyd mear ynwenners fan de gemeente sitte mei skulden. Sieten yn 2009 noch fiifhûndert ynwenners yn de skuldhelpferliening, de gemeente ferwachtet dat dit yn 2013 boppe de achthûndert leit.

De gemeente hat sprekoeren foar minsken mei jildpine, mar dat is net genôch. Mei de Kredytbank Nederlân sil Smellingerlân bettere ôfspraken meitsje oer de skuldoanpak yn de gemeente. Mooglik kin Smellingerlân in part fan de skuldhelpferliening ek sels dwaan. De gemeente hat op 't heden 750.000 euro beskikber foar skuldhelpferliening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)