Straf foar skine mei laser op SAR

15 nov 2011 - 14:57

Twa Ljouwerters binne troch de rjochtbank feroardiele ta finzenis- en wurkstraffen foar it yn gefaar bringen fan SAR-piloaten. Yn maaie ferline jier skynden se mei laserpinnen op de cockpit fan SAR-helikopters. De rjochter rekkenet harren dat swier oan.

Ien fan de fertochten hat in selstraf fan in heal jier krige wêrfan fjouwer ûnder betingst en dêrboppe-op noch in wurkstraf fan fjirtich oeren. De man hie ek al in strafblêd. De twadde fertochte is feroardiele ta fjouwer moanne sel ûnder betingst en in wurkstraf fan 240 oeren. De straffen binne heger as it Iepenbier Ministearje easke hie.

Trefwurden: 
rjochtbank laser SAR helikopter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)