Krityk op nije wentoer It Hearrenfean

15 nov 2011 - 13:26

Op It Hearrenfean wurdt oan de Nijbuorren in wentoer fan hast fjirtich meter  heech boud. De gemeenteried hat dêr mei ynstimd, nettsjinsteande tal fan protesten. Omwenners en de wurkgroep Ald Hearrenfean fine dat sa'n grutte flat net past yn it gebiet mei lytsskalige histoaryske bebouwing.

Neffens wurkgroep Ald Hearrenfean is it net de earste kear dat histoaryske gebouwen yn 'e ferdrukking komme op It Hearrenfean. Sa binne de wettertoer en it âlde postkantoar ek al ôfbrutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)