Ald-direkteur en oprjochter fan Oerol Joop Mulder (67) ferstoarn

Joop Mulder, âld-direkteur fan it Oerolfestival op Skylge, is dit wykein ferstoarn. Hy krige nei alle gedachten in hertstilstân. Hy wie de oprjochter fan it festival, dat ûnder syn lieding útgroeide ta in festival dat minsken út in hiele lân luts. Letter stie hy oan it roer by Sense of Place, dêr't hy ek oprjochter fan wie. Mulder is 67 jier wurden en lit in frou en dochter achter.
© Omrop Fryslân
Yn 1982 begûn Mulder it Oerolfestival op Skylge, foaral mei teäter yn lytse skuorkes. Hy hie nea tocht dat it sa grut wurde soe, sei hy letter. "Absoluut niet. Toen het begon hadden we als doel om het vijf jaar vol te houden. Dat het zo uit de hand zou lopen, in positieve zin, dat had niemand verwacht. Maar het is wel heel mooi dat Oerol zich zo ontwikkeld heeft." Mulder wie direkteur fan Oerol oant 2017.
Yn 2011 stjoerden wy ûndersteande in Fryslân DOK út oer Joop Mulder:
Ald-direkteur en oprjochter fan Oerol Joop Mulder (67) ferstoarn
Doe't Joop Mulder as 27 jierrige man rjochting Skylge gie, en in bestean as kroechbaas opboude, wie heit Mulder, boargemaster fan Boalsert, net bliid. Dy hie in oare takomst fan syn soan foar eagen. Neffens Mulder krige syn heit wol fertrouwen doe't hy der goed mei begûn te fertsjinjen. Doe't Mulder it festival Oerol opsette yn de jierren 80 wie heit wer teloarsteld. Dat fertsjinne jild waard neffens him wer oer de balke smiten. De heit fan Joop Mulder ferstoar yn 1990. Twa jier letter krige hy de Fryske Anjer út hannen fan kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel. Joop Mulder fûn it altiten spitich dat syn heit dat net meimakke hat.

Sense of Place

Yn 2018, helle Mulder de Reuzen nei Ljouwert yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Dêrmei kaam foar him in dream út. Hy rjochte him nei Oerol op it lânskipsprojekt Sense of Place, dat ûnderdiel wie fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Hy woe syn grutte skat oan ûnderfining mei lokaasjekeunst op it fêste lân brûke om de Waadkust better op 'e kaart te krijen. Mei Sense of Place hope Mulder dat tsjin de krimp fan it plattelân yn de lokale ekonomy fan de doarpen oan de Waadkant in oppepper krije soene.
Ien fan de projekten binnen Sense of Place wiene de bylden fan de 'tinne frou' en de 'dikke frou' op de dyk by Holwert, fan keunstner Jan Ketelaar. In tentoanstelling oer lokale jirpelboeren, Bildtstarts & Eigenheimers, en in fotokeunstwurk yn de 'hynstedobbe' fan Marrum wiene oare foarbylden.
Sjoch hjirûnder in programma út 1992 oer Joop Mulder, betinker en man achter it teäterfestival Oerol op Skylge. We folgje him yn de tariedingen, op kantoar en op syk nei lokaasjes op it eilân. Ek artysten komme oan it wurd en der binne ferskate fragminten út eardere foarstellingen en strjitartysten te sjen.