Trije manlju oanhâlden foar tarieden brân yn Twizelerheide

De plysje hat woansdei trije manlju út Twizelerheide oanhâlden fan 33, 36 en 37 jier âld. Se wurde derfan fertocht dat se plannen makke hawwe om brân te stichtsjen mei de jierwiksel. Yn harren wenten trof de plysje brânbere materialen oan.
Trije manlju oanhâlden foar tarieden brân yn Twizelerheide
De plysje hie ynformaasje dat it trijetal fan plan wie om in brân te feroarsaakjen yn harren wenplak, dêr't gefaar foar minsken en harren wenomjouwing by ûntstean soe.
It is al langer ûnrêstich yn Twizelerheide. Jongerein stichte ferskate kearen brân. Sûnt 20 desimber jildt der dêrom foar in fjild oan de Elzen yn it doarp in needferoardening. It gebiet is alle dagen tusken middeis healwei fiven en moarns healwei njoggenen ferbean terrein. Dêrnei bleau it lykwols ûnrêstich. Tiisdei waard der in stapel pallets yn 'e brân stutsen.
Plysjesjef Marjan de Ruiter-Abma fan it basisteam Noardeast-Fryslân: "Met deze aanhoudingen en ook veel ander werk doen we er samen met de gemeente en met de inwoners van Twijzelerheide alles aan om de jaarwisseling goed te laten verlopen."