100e plas-dras pompsysteem pleatst yn Ginnum

04 feb 2016 - 08:59

Yn Ginnum is tongersdeitemoarn it 100e plas-dras pompsysteem pleatst. Dit systeem wurdt brûkt om in stik lân sa wiet te hâlden dat it oantreklik is foar greidefûgels.

De 100e pomp waard ferlotte troch de fûgelbeskerming yn gearwurking mei Poortman Techniek fan De Gordyk en is pleatst op it lân fan Jelte Bakker yn Ginnum. Hy is al langer dwaande mei fûgellân en hat alle jierren sa'n 30 pearkes skriezen. It plas-drassysteem hâldt wol yn dat in boer yn it briedseizoen net op it lân komme mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)