100e Alzheimerkafee yn Drachten

28 mrt 2006 - 10:17

It hûnderste Alzheimerkafee fan Nederlân iepenet ynkoarten de doarren yn Drachten. Yn Snits komt ek sa'n kafee. Yn Ljouwert is al langer in moetingsplak foar Alzheimerpasjinten.

Yn dy kafees kinne thúswenjende dementearenden en harren famylje mei-inoar yn 'e kunde komme. Doel is ûnderfinings út te wikseljen. De direkteur fan Alzheimer Nederland iepenet it Drachtster kafee op 11 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)