Miljoenen foar mûnen

17 jul 2012 - 20:10

Stifting De Fryske Mole hat 1,2 miljoen euro subsydzje krigen fan de rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod. Mei it jild moat de stifting de kommende jierren alle 42 mûnen ûnderhâlde. Foar de mûnen is eins 5,5 miljoen nedich, mar it ryk jout maksimaal 50.000 de mûne. De rest fan it jild sil fan oare fûnsen komme moatte.

De grutste klussen, mei kosten fan boppe de twa ton, wurde fan takom jier ôf útfierd. It giet dan ûnder oaren om de mûnen fan Wommels, Skalsum en Peazens.

In mûne dy't bygelyks flink ûnder hannen naam wurde moat, is de Aylvapoldermûne by Wommels. De wjukken moatte ferfongen wurde. Foaral de 'kamtsjillen' binne der min oan ta. Dy binne sûnt de bou fan de mûne yn 1847 nea fernijd of ûnderhâlden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)