Boubedriuw Groothuis fallyt

17 jul 2012 - 15:36

It fallisemint fan it Twintse boubedriuw Groothuis liket foar projekten yn Fryslân ta te fallen. Groothuis is ien fan de dielnimmende partijen yn de Zuidlanden by Ljouwert, mar hie dêr allinnich kavels kocht en boude noch gjin huzen.

It boubedriuw is ek aktyf yn Tramdijk-Oost op 'e Lemmer. Dêr is sa'n 40 persint fan de huzen boud en ferkocht. De gemeente Lemsterlân makket him wol soargen oer de ûntwikkeling fan de rest fan it projekt. Neffens in wurdfierder bestiet der in kâns dat de gemeente de grûn weromkeapet.

Woansdei wurdt it fallisemint fan Groothuis útsprutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)