Ljouwerter feemerk yn de lift

Op de Ljouwerter feemerk binne it ôfrûne healjier 17.000 bisten mear ferhannele as yn it earste healjier fan 2011. De feemerk sit yn de lift en is op dit stuit de grutste fan de trije Nederlânske feemerken. Dat komt mei trochdat yn de ôfrûne jierren goed ynvestearre is yn parkearterreinen en yn materiaal om feeweinen skjin te meitsjen.
Fierder is belied makke en útfierd om it wolwêzen fan de bisten te ferbetterjen en de prizen binne goed. De feehannelers komme graach nei Ljouwert en dat is te merkbiten.
Der binne bygelyks twa kear safolle keallen ferkocht en de omset fan skiep gie omheech mei 23%. Der waarden minder kij oanfierd, mar dat komt troch krapte op de merk.