Hege skoare Starumer haven

17 jul 2012 - 12:28

De gemeentlike haven fan Starum heart by de bêste fan Nederlân. Dat docht bliken út in ranglist fan de Vereniging voor Beroepschartervaart. Starum eindiget dêrop op in dield twadde plak, tegearre mei Enkhuzen. De feriening hat by de beoardieling ûnder oare sjoen nei de fasiliteiten yn de haven en de ferhâlding tusken priis en kwaliteit.

De Bataviahaven yn Lelystêd is neffens de feriening de bêste charterhaven.

Trefwurden: 
Starum haven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)