Búkgrypfirus yn Talma Hûs

Tsientallen bewenners en persoanielsleden fan fersoargingshûs Talma Hûs yn Feanwâlden hawwe de ôfrûne tiid siik west of binne dat noch troch in tige besmetlike foarm fan búkgryp. It giet om it NORO-firus. De kwaal duorret mar in pear dagen wêryn't minsken spuie moatte en flink lêst hawwe fan diarree.
Talma Hûs heart by Pasana en neffens dokter Jan van Zeijl fan dy soarchorganisaasje is it foaral saak om de minsken foldwaande focht te jaan. It is hielendal net ûngewoan yn dizze tiid fan it jier dat soks bart, sa seit Van Zeijl.
Persoaniel besiket it firus te bestriden troch goed te hanwaskjen en romten skjin te meitsjen mei gloar.