Oanpassing welnessplan Amelân

Rekreaasje-ûndernimmer Harry Westers sjocht noch altyd kânsen foar syn plan om fan it âlde swimbad op It Amelân in welness-sintrum te meitsjen. Tiisdei wie de gemeenteried kritysk oer in tal punten út it plan. Sa wiene der beswieren tsjin de ferkeap fan in stripe gemeentegrûn dy't Westers nedich hat foar de bou. Boppedat fûn de ried in part fan de gebouwen dy't by it welness-sintrum komme as hotelkeamers te heech.
Westers sil besjen oft er it plan hjir en dêr oanpasse kin en oft er dochs net oerienstimming berikke kin mei de gemeente.