Plysje siket nei fermiste frou

17 jul 2012 - 10:48

It drechteam fan de lanlike plysje is tiisdeitemoarn op de Wide Ie by Smelle Ie op syk nei it lichem fan in 49-jierrige frou út Oerterp. Moandei waard op in parkearplak oan it wetter de auto fan de fermiste frou fûn. Fan de frou wie lykwols gjin spoar te finen. Der wurdt rekken mei holden dat se ferdronken is.

Moandeitemiddei waard al mei in helikoper nei de frou socht. De syktocht hat oant no ta noch neat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)