CU: Kâns regionale ferfierders

NS-trein © Omrop Fryslân
De ChristenUnie wol fan deputearre steaten witte oft se foar it treinferfier tusken Ljouwert en Swolle fêsthâlde wolle oan de NS. Neffens de partij hawwe regionale ferfierders as Arriva, Connexxion en Qbuzz folle mear te bieden op it trajekt. Sa soene dy mear treinen yn 'e oere ride litte kinne. Dat soe stean yn it bedriuwsplan dat de regionale ferfierders foar it trajekt opsteld hawwe.
Neffens de ChristenUnie wie it foar de bedriuwen dreech om dat plan te meitsjen omdat de NS bepaalde gegevens net ôfstean wol, lykas it tal reizgers.
De partij fynt dat deputearre steaten der op oantrúnje moat dat dy gegevens wol beskikber komme.