Fragen oer lytse skoallen

16 jul 2012 - 21:42

De steatefraksje fan de FNP freget deputearre steaten woansdei mei in moasje om yn oerlis te gean mei de skoalbestjoeren oer it sluten fan lytse skoallen. Neffens de partij binne de skoalbestjoeren autonoom yn harren beslútfoarming oer it sluten fan skoallen.

Elk nimt no besluten foar it eigen gebiet, mar dizze wurde net ôfstimd mei oare bestjoeren en oerheden yn it belang fan de hiele regio, sa stelt de partij. Troch de skoallen mei te nimmen yn it krimpbelied moat in tekoart oan oerlis oanpakt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)