Wurk fytssneldyk úteinset

Minsken dy't op 'e fyts ûnderweis binne tusken Stiens en Sint Jabik komme no noch in stikje fytspaad tsjin dat net neffens de easken oanlein is fan in saneamde fytssneldyk. Mar dat feroaret hiel gau, want moandei is it wurk úteinset oan dat lêste stik. Ek dêr komt no in ekstra breed fytspaad fan 3,5 meter.
Dat moat ek wol want it giet om ien fan de drokste fytspaden fan de provinsje. Foaral de jongerein makket der gebrûk fan. It is ek de bedoeling om mear minsken út de auto en op de fyts te krijen.