Wurk oan N357 by Hallum

16 jul 2012 - 17:02
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

Automobilisten moatte yn de kommende wiken rekken hâlde mei fertraging op de provinsjale dyk nei Hallum, de N357. Fan 23 july ôf wurdt wurke oan in part fan de Doniaweg yn de rjochting fan Holwert.

De earste pear dagen binne der ferkearsregelders oan it wurk. Dêrnei wurde dy ferfongen troch ferkearsljochten. It ferkear moat rekken hâlde mei in fertraging fan 5 oant 8 minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)