Mear kontrôle op 30 en 60 km

De plysje moat mear kontrolearje op de snelheid yn 30 en 60 kilometer sênes. De 27 Fryske gemeenten en de provinsje trune dêrop oan by minister Opstelten fan Feiligens en Justysje. Kontrôle dêr hat by de plysje gjin prioriteit. Dy hanthavenje mear op diken dêr't faak te hurd riden wurdt of op gefaarlike plakken.
Yn wiken wurdt pas kontrolearre as der in ûngemak plakfûn hat. Dat moat oars fine de gemeenten. Sy binne derfan oertsjûge dat kontrôle dêr bydrage kin oan in better gefoel fan ferkearsfeiligens.