'Amelanner strân moat iepen bliuwe'

It strân fan It Amelân moat yn de takomst frij tagonklik bliuwe foar de eilanners. Der moatte ek strânhúskes komme foar oernachtings en gebieten komme dy't ofsletten wurde foar minsken.
Dat binne in pear fan de ideeën dy't moandei nei foaren kamen op in gearkomste oer de takomst fan it strân fan it eilân. De gemeente is dwaande mei in nota mei nije strânplannen. It Amelân is dêrmei de provinsje en it ryk foar. Dy binne ek mei in fyzje op it kustwêzen oan de gong.