1000e download Omrop op iPhone

22 nov 2009 - 12:33
  • Omrop Fryslân op de iPhone

De nijsapplikaasje fan Omrop Fryslân foar op de Apple iPhone is in grut sukses. De earste Frysktalige iPhone-applikaasje is noch mar krekt trije wike beskikber en is no al tûzen kear delhelle fia de App Store fan Apple.

Omrop Fryslân is de earste regionale omrop mei in folsleine nijsfoarsjenning op de iPhone dêr't kontinu nijsitems yn tafoege wurde yn de foarm fan tekst en foto's. Sa ha minsken fluch, altyd en oeral, tagong ta it lêste nijs út de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)