10.000e besiker Woudagemaal

10 apr 2002 - 00:00

It Woudagemaal by De Lemmer hat tiisdei de 10.000e beteljende besiker ynhelle. It is de hear Bies fan Hardenberg. Hy krige blommen en in boek út hannen fan de sekretaris fan de stifting 'Ingenieur Woudagemaal'.

It Woudagemaal is sûnt ferline jier july iepen foar besikers. De stifting neamt it tal besikers 'boppe ferwachting' en 'hoopfol foar de takomst'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)