10.000e besiker Kazemattemuseum

13 aug 2003 - 00:00

It Kazematte-museum op de Ofslútdyk koe woansdei al de tsientûzenste besiker ferwolkomje. Dat wie de famylje Van Parijs út België. Se krigen blommen en it boek 'Strijd om de Afsluitdijk'. It museum lûkt jierliks in goeie tolvetûzen besikers.

By it museum yn Koarnwertersân binne bunkers en kazematten te sjen dy't yn 1940 brûkt waarden yn de striid tsjin de Dútsers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)