100.000ste gast op pont Warten

16 jul 2014 - 14:27
  • De Oerhaal

It pontsje 'De Oerhaal' fan Warten set woansdei de 100.000ste besiker oer. Om trije oere wurdt yn it doarp stilstien by dit bysûndere momint. It pontsje fan Warten fart tusken Earnewâld en Warten oer it Prinses Margrietkanaal en is yn 2005 fan start gien. Yn 2009 is der ek noch in saneamd skippersgebou iepene en dêrmei wie it projekt fan de pont hielendal klear.

It pontsje by Warten is ûnder oare ûnderdiel fan de pontsjesrûte 'De 8 van Grou'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)