100.000 euro foar Fries Museum, 80.000 foar Keramiekmuseum

26 okt 2015 - 14:49
  • Keramykmuseum Princessehof

It Fries Museum en it Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert krije in bydrage fan it Mondriaan Fonds. It Fries Museum krijt 100.000 euro. Keramiekmuseum Princeseehof krijt 80.000 euro.

Yn totaal is der goed 2,5 miljoen euro beskikber steld oan santjin musea. Alle musea krije tusken de 50.000 en 250.000 euro. Dan moatte se wol in oankeapbudzjet hawwe fan op syn minst 50.000 euro yn it jier. In oar betingst is dat it jild bestege wurde moat oan oankeapen dy't hearre by de kolleksje moderne byldzjende keunst fan it museum.

It Fries Museum wol it jild besteegje oan in modern byldzjend keunstwurk. Keramiekmuseum Princessehof hat plannen foar in tentoanstelling Japanse keunst. It museum wol dêrfoar in berop dwaan op in oar fûns om dêr jild foar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)