10.000 minsken op Snitswike

05 aug 2007 - 12:39

De Snitswike hat sneon op de earste dei al gelyk 10.000 minsken nei de Snitsermar lutsen. Op dy earste dei wie de sfear neffens waarnimmers poerbêst en dat hie fansels alles te krijen mei it moaie sylwaar.

Sneon begûnen de sylwedstriden yn de ferskate klassen, dêr't meiinoar mear as 800 hurdsilers út binnen- en bûtenlân oan meidogge. De Snitswike ferwachtet dizze wike meiïnoar 100.000 oant 130.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)