10.000 Friezen freegje subsydzje foar enerzjysunich wenje

23 jan 2016 - 13:49
  • Isolaasje yn krûpromte fan  in wente

Al tsientûzen Friezen ha in oanfraach yntsjinne foar subsydzje om it hûs enerzjysuniger te meitsjen. De famylje Willegers út Ljouwert tsjinne de tsientûzenste oanfraach yn, en dêrom krigen se sneon fan deputearre Michiel Schrier in bosk blommen en in kadobon.

It wie de twadde subsydzjeoanfraach fan de famylje Willegers. Earder hiene se de flier en muorre isolearre. No wolle se ek dikker glês yn de ruten ha. Mei-inoar krijt de famylje 2000 euro fan de provinsje. De regeling rint noch oant ein 2016. Der sit noch 3.3 miljoen yn de pot.

De subsydzjeregeling is yn oktober 2013 úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)